Doarpshûs mei gjin drank skinke

28 okt 2004 - 11:33

Yn it doarpshûs fan Haulerwyk mei gjin sterke drank mear skonken wurde en dêrtroch is ûnrêst ûntstien. De gemeente Eaststellingwerf wegeret doarpshûs de Enter in fergunning te jaan foar it skinken foar bygelyks beerenburg en jenever.

It bestjoer fan it doarpshûs seit dat in meiwurker dy fergunning wol hie. De meiwurker is lykwols krekt ferstoarn. It bestjoer hat no in rjochtsaak oanspand tsjin de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)