Rampe-oefening op de Waadsee

© Omrop Fryslân
In grut tal organisaasjes hat woansdeitemiddei meidien oan in rampe-oefening op de Waadsee. It gong ûnder oare om de brânwacht, plysje, kustwacht en de SAR. By Skiermûntseach fleagen in boat fan Rykswettersteat en in boat mei feestgongers fan rederij Wagenborgh by inoar op.
Op ien fan de boaten ûntstie sabeare brân. Ek stoarte der in fleantúchje del. De helpferlieners moasten kieze wa't se it earst helpe soenen.