Nije namme Frysk Natuermuseum

27 okt 2004 - 17:10

It Frysk Natuermuseum hyt tenei Natuermuseum Fryslân. Fanwegen de betizing mei it Frysk Museum is de namme feroare. Post waard ferkeard besoarge en besikers stienen by de ferkearde doar.

No't it natuermuseum ferboud en fernijd is, waard it tiid foar de nije namme. Ek it logo is oanpast. It museum rjochtet him fral op bern fan 6 oant 13 jier. De offisjele iepening is yn april, publyk is fan febrewaris wolkom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)