Wildeboer: gjin heffings mear

© Omrop Fryslân
Slachter Wildeboer sil tenei gjin heffings mear freegje foar it Produktskip foar Fee en Fleis, it PVV. Goed 7000 boeren reagearren op syn oprop, om sels oan te jaan oft Wildeboer de al barde heffingen noch oerdrage moast oan it produktskip.
Mar trije boeren fûnen dat de slachter dat dwaan moast. Wildeboer wol no al it jild, sa'n 110.000 euro werombetelje oan de boeren. Hy fynt dat it PVV te min foar de boeren en slachters docht.