Twadde druk nije bibelfertaling

27 okt 2004 - 17:01

De nije fertaling fan de bibel is sa populêr dat printers al dwaande binne mei de twadde druk. By útjouwer Jongbloed fan It Hearrenfean is de earste oplage van de standerd-edysje en fan de tsjerke- en houliksbibels al folslein de doar út.

Mei elkoar binne der no al mear as 200 tûzen eksimplaren printe. Om te fergelykjen: fan Harry Potter diel 5 binne foarich jier 550 tûzen eksimplaren ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)