Hantekenaksje 'De Klaproos'

27 okt 2004 - 15:14

Allochtoane froulju yn Ljouwert komme yn aksje tsjin de besunigingsplannen fan de gemeente. It kolleezje wol de subsydzje foar aktiviteitesintrum De Klaproos fan 2006 ôf ôfbouwe. Klaproos is bedoeld foar allochtoane froulju yn de stêd en it iennichste feilige plakje dat se ha, sa sizze de froulju sels.

Dêrom hâlde se no in hantekenaksje. De hantekens wurde 8 novimber oerlange oan de gemeenteried fan Ljouwert. De ried kin de besunigings mooglik noch keare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)