Jongeresintrum yn Frijheidswyk

27 okt 2004 - 15:07

Boargemaster Dales fan Ljouwert hat bekend makke dat der in nij jongeresintrum komt yn de Frijheidswyk yn Ljouwert. Hy sei dat tiisdeitemiddei by in besite oan de wyk.

De Frijheidswyk yn Ljouwert stiet bekend as probleemwyk. Sa binne der in soad geweldsynsidinten. It wie de twadde kear dat Dales in besite brocht oan de wyk. It delsetten fan in jongeresintrum is ien fan de maatregels foar it wer leefber meitsjen fan de wyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)