Piter Jelles Kollum moat ticht

© Omrop Fryslân
Skoalmienskip Piter Jelles slút de festiging yn Kollum. Der binne te min learlingen om de skoalle iepen te hâlden. De minimale oanmelding fan 19 nije bern makke it beslút definityf. Op Piter Jelles sitte no 80 learlingen, wylst 120 bern nedich binne.
De skoalle wurdt yn twa jier ôfboud. Tredde- en fjirdeklassers meitsje de skoalle noch ôf yn Kollum. Oaren moatte nei Dokkum. Alden fan learlingen en learkrêften binne al op de hichte.