Connexxion krijt Q-liner

© Omrop Fryslân
Connexxion sil tenei de Q-Liner tusken Grins en Lelystêd ride. Dat ha de provinsjes Fryslân, Grins en Flevolân besletten nei in mienskiplike oanbesteding.
Trije organisaasjes makken gading nei it kontrakt foar de busline. Fan july 2005 ôf nimt Connexxion de ferbining oer fan Arriva. Connexxion hat in konsesje foar seis jier krigen. Goed 350.000 reizgers meitsje gebrûk fan de ferbining.