Begrutting Nijefurd oannommen

27 okt 2004 - 12:15

It skoalswimmen yn Nijefurd wurdt op 'e nij besjoen. Dat ha boargemaster en wethâlders tasein yn de ried. Yn de gearkomste waard de gemeentebegrutting foar takom jier bepraat. Om gatten op te fangen woe it kolleezje allinne dy bern swimme litte dy't gjin diploma ha. Bern kamen dêrtsjin yn aksje.

In mearderheid fan de ried joech de opdracht wer nei de besunigings te sjen. De begrutting sels is wol oannommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)