Ynboargeringsles op Friese Poort

© Omrop Fryslân
It ROC Friese Poort sil yn it Noarden kursussen fersoargje foar it projekt 'Inburgeren in de centrale opvang'. It giet hjir om in nij ynboargeringsprojekt fan it sintraal orgaan opfang asylsikers, it coa.
Asylsikers dy't in ferbliuwsfergunning krigen ha, kinne tenei al yn de opfang begjinne mei in ynboargeringstrajekt. It coa hat mei 3 regionale opliedingssintra yn it lân in oerienkomst tekene foar it projekt.