Gat troch ôfskaffen belesting

© Omrop Fryslân
De ûnreplik saakbelesting yn Dantumadiel moat net omheech gean omdat de hûnebelesting ôfskaft is. Dat seit de ChristenUnie yn Dantumadiel. B en W wolle de ûnreplik saakbelesting takom jier mei fiif en in heal prosint omheech bringe.
De ferheging is nedich om in gat yn de begrutting te dekken. Dat gat is ûntstien troch it ôfskaffen fan de hûnebelesting neffens de CU. Dêr moatte alle bewenners net de dupe fan wurde.