Kringloop Boalsert wol oername

© Omrop Fryslân
In kringloopbedriuw út Boalsert hat plannen foar it oernimmen fan de kringloopwinkels yn Burgum en Drachten. Dy waarden ferline wike fallyt ferklearre.
It Boalserter bedriuw hat fan de kurator in wike de tiid krigen om mei in plan fan oername te kommen. Troch in saakliker oanpak soene de kringloopwinkels yn Burgum en Drachten wer rindabel makke wurde kinne, sa tinkt it Boalserter bedriuw.