Blombollen fergees plante

© Omrop Fryslân
Tsien Fryske famyljes wurde dizze dagen fergees yn de blommen set. Harren tún is troch it Ynternasjonaal Blombollen Sintrum útkeazen ta demonstraasjetún. Dat betsjut no de bollen yn de grûn en yn april iepen hûs foar publyk. De aksje is bedoeld om reklame te meitsjen foar Nederlânske blombollen.
It Ynternasjonaal Bombollesintrum yn Hillegom siket alle jierren tsien tunen út as demonstraasjetún. Dit jier foel de kar op Fryslân.