Beslút sweefbaan duorret te lang

26 okt 2004 - 12:27

De finansjele bydrage fan it bedriuws- libben oan de magneetsweefbaan driget fuort te fallen as de ryksoerheid net gau in beslút nimt oer it spoar. Dat lûd komt fan elektroanikakonsern Siemens, ien fan de grutste bedriuwen binnen it 'consortium'.

Oare dielnimmers oan de sweefbaan binne ABN-Amro, Ballast Nedam en boubedriuw BAM. It beslút oer de trein wurdt yn Den Haach hieltyd útsteld. Siemens hat it dreech partijen byelkoar te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)