Sweltsjes royeare Tadema as lid

26 okt 2004 - 11:18

It bestjoer fan de Ljouwerter Sweltsjes hat earefoarsitter Meindert Tadema definityf royeard as lid. As reden wurdt jûn dat Tadema it bestjoer fan de fuotbalklup by de fêststelling en útfiering fan it belied tsjinwurket.

Ferline wike waard noch in harksitting holden oer de saak. It bestjoer fan de fuotbalklup konkludearret dat Tadema syn gedrach net feroarje sil yn de takomst. Tadema wie earefoarsitter en 32 jier it boechbyld fan de Sweltsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)