Woansdei stakings yn metaal

25 okt 2004 - 16:45

By 24 metaalbedriuwen yn Fryslân sil woansdei staakt wurde tsjin de plannen fan it kabinet. De bûnen ha oproppen ta in lanlike stakingsdei en guon Fryske wurknimmers yn de metaalsektor sille dêroan meidwaan.

By in tal metaalbedriuwen wurdt woansdei de hiele dei staakt, û.o. by it Ljouwerter bedriuw Impress. Op guon plakken binne wurkûnderbrekkings, lykas by skipswerf De Volharding yn Harns en fytsefabryk Batavus op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)