Wetterhúshâlding Drachten better

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân sil de kommende tiid de wetterhúshâlding yn it súdeasten fan Drachten ferbetterje. Under oaren wurdt de belangrike wettergong De Lauwers útbaggere. It slyk mei net oan de sleatskanten deponeard wurde en moat mei frachtauto's ôffierd wurde. Dat kin foar oerlêst soargje.
Freed nimt it wetterskip ek it nije gemaal oan de Lauwers yn gebrûk. It âlde gemaal yn it Slingepark wurdt sloopt fanwege wenningbou.