Boutiette wint maraton Assen

© Omrop Fryslân
Cedric Michaud en KC Boutiette pakten sneon al gau in rûntsje by de maraton yn Assen. En omdat Michaud foaryn it measte wurk die gie de oerwinning nei Boutiette. Michaud waard sadwaande twadde. Tredde waard Miel Rozendaal foar Jan Maarten Heideman, Jeroen de Vries, Erik Hulzebosch, Arjan Stroetinga en Martijn Kromkamp.
Bob de Vries fan De Haule waard fyftjinde en stiet twadde yn it jongereinklassemint.