Gjin fytspaad Wergea - Grou

25 okt 2004 - 10:15

It kolleezje fan B&W fan Boarnsterhim hat besletten dat der definityf gjin fytspaad de Wergeasterfeart del tusken Wergea en Grou komt. Op twa fronten is it plan ûnhelber, sa konkludearje B&W. It kostet tefolle en it slagget net om de grûn yn hannen te krijen.

It mislearjen fan it plan falt net goed yn Wergea. Pleatslik Belang hopet no noch, yn de mande mei Warten, oan te sluten op in nij fytspaad tusken Warten en Grou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)