Kuorbal: Blau-Wyt wint

© Omrop Fryslân
Kuorbalploech Blau-Wyt fan It Hearrenfean pakte sneon twa kostbere punten tsjin VDW/OLS. De stân wie 18-14. Nei twa nederlagen op rige like Blau-Wyt fuort te sakjen út de top. By rêst late de thúsploech mei 8-7.
Nei it skoft wie de striid gau beslist mei û.o. moaie treffers fan Jeroen v.d. Laan, Remy v.d. Honig en Roy de Vries. Troch de winst hat de ploech de earste helte fan de fjildkompetysje ôfsletten mei 10 punten út 8 wedstriden.