Plysje siket stankferoarsaker

25 okt 2004 - 09:43

De plysje ûndersiket wa't yn Bakhuzen in soad skealike stoffen yn it rioel losse hat. Troch de sterke geur waarden sneon seis minsken net goed. Boppedat waarden tritich bewenners evakuearre.

In wurdfierder fan de gemeente Gaasterlân-Sleat makke snein bekend dat de saak yn hannen fan de plysje jûn is. Ut laboratoariumûndersyk die bliken dat de stjonkende stof in aromatyske ferve- oplossing is. Der is gjin gefaar foar de folkssûnens. It rioel is leechsûge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)