Stankoerlêst yn Bakhuzen

24 okt 2004 - 17:17

Seis ynwenners binne sneon net goed wurden fan in stanklucht yn Bakhuzen. Dêr wiene ek bern by. Sawat tritich ynwenners binne yn ferbân mei de stjonkerij opfongen yn it doarpshûs.

Om 10 oere moarns waard der alarm slein nei't inkelde bewenners al in pear oeren yn de stank sitten hiene. Lange tiid wie net dúdlik wêr't de stank weikaam. Uteinlik die bliken dat de stank ôfkomstich wie fan ferve. It is noch net dúdlik wêr't de ferve losse is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)