Van Lunzen wint 'Uurloop'

24 okt 2004 - 16:43

De Ljouwerter 'Uurloop' krige deselde winners as ferline jier. Remon van Lunzen waard by de manlju earste. Nei in lange solorin die bliken dat er yn 'e oere 18 kilometer en 37 meter ôflein hie.

Heerke Postma fan De Blesse waard twad mei 16.863 en wie earste feteraan. Kosta Poltavets fan It Hearrenfean, ek in feteraan, waard tred mei 16.685. By de froulju wûn Yvonne Kassenberg. Se kaam 51 meter tekoart foar de 15 km.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)