Benzinedief oanhâlden

24 okt 2004 - 16:36

In tsjûge melde sneintemoarn by de plysje dat in man benzine oan it oerheveljen wie by in auto oan de Ljouwerterstrjitwei by It Hearrenfean. Doe't de plysje op it plak kaam, wie de fertochte al útnaaid.

Mei help fan in tsjinsthûn koe even letter in 40-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean oanhâlden wurde op in terrein lâns de Hearresleat. Hy hie in jerrycan en in stik slang by him. Syn ark is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)