Wer Samyske winner Liet

24 okt 2004 - 14:33

De 3de edysje fan Liet Ynternasjonaal is freed yn de Ljouwerter Harmonie wûn troch Nico Valkeapää en syn band út Laplân. It winnende liet Rabas mielain waard songen yn it Samy. De winner fan 2003, Transjoik, kaam ek út Laplân.

De striid gie freed tusken dielnimmers út tsien minderheidsgebieten. Twadde waard Bombes 2 Bal út Oksitanië. Op in dield 3e plak einigen Uxía út Galisië en The Alyth McCormack Band út Skotlân. Meindert Talma einige ien-nei-lêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)