Boargerinisjatyf yn Boarnsterhim

© Omrop Fryslân
De bewenners fan de wyk Boarnstee yn Nes hawwe fia in bysûnder boarger- inisjatyf by de gemeente Boarnsterhim ôftwongen dat der wat dient wurdt oan de ferkearsproblemen yn de wyk. Mei sa'n inisjatyf is it mooglik wurden om ûnderwerpen gau op de aginda fan de gemeenteried te krijen.
Jierrenlang hat de wyk besocht wat dien te krijen fan de gemeente en de projekt ûntwikkeler. Mar no duorre it mar twa wiken foar't der in oplossing kaam.