Ritsma: gjin EK, dan ophâlde

© Omrop Fryslân
Der is in grutte kâns dat der in ein komt oan de karriêre fan reedrider Rintsje Ritsma fan de Lemmer as er him net kwalifisearret foar it Europeesk Kampioenskip reedriden yn jannewaris. Dat sei Ritsma freedtejûn yn it Omrop Fryslân programma Faktor Freed.
Allinnich as er op ien ôfstân hiel hurd rydt oerwaget Ritsma troch te gean. Hy besiket earst ek noch dielname oan de Worldcup wedstriden ôf te twingen fia it Nederlâns Kampioenskip Allround.