Flaters yn boekhâlding Prins

© Omrop Fryslân
Prins Dokkum hat yn 2000, 2001 en 2002 mei elkoar njoggen miljoen euro minder winst makke as yn de boeken set is. Dat docht bliken út yntern ûndersyk fan it metaalbedriuw. Earder wie al bekend dat de boekhâlding net kloppe. Nei in ûntslach fan 90 minsken, giet it wer better.
Nei alle gedachten makket Prins yn 2004 in lytse winst. It bedriuw makket fangrails, túnboukassen en tsjillen. Der wurkje no 168 minsken by Prins.