Bushokjes bliuwe stikken

© Omrop Fryslân
Stikkene bushokjes yn de gemeente Dongeradiel wurde net mear makke. Dat hat it gemeentebestjoer besletten. De hokjes binne populêr by jonge fandalen yn de gemeente. De kosten fan har fernielerij rinne yn de tsientûzenen euro yn it jier.
De gemeente wol no in sinjaal ôfjaan. Troch de hokjes net mear te reparearen moat it probleem dúdliker wurde. De kosten fan it reparearen fan bushokjes lizze dit jier op sa'n 33.000 euro.