Ien oanhâlding, acht boetes

© Omrop Fryslân
In Bakkefeanster (34) hat tongersdei in fikse boete krigen foar ferskate ferkearsoertredings. De autobestjoerder ried yn Oerterp oer in fytspaad. Doe't de plysje de man oanhold, die bliken dat de auto falske kentekenplaten hie.
Nei kontrôle waard dúdlik dat de auto ek noch stellen wie út Drachtster Kompenije. Boppedat lei der allegear stellen guod yn, en in stekwapen en in swurd. De man krijt proses-ferbaal foar mar leafst acht saken.