Sinesappelsjitter oppakt

22 okt 2004 - 16:42

In sinesappelkanon hat tongersdei yn Frjentsjer grutte skea oanrjochte. De eigner fan it wapen, in Westereinder, is oppakt. Sinesappelkanonnen binne libbensgefaarlik en dêrom ferbean.

De man woe it kanon útprobearje en sjen hoefier de sinesappel kaam. Dat wie folle fierder as ferwachte. It stik fruit fleach troch in rút fan in wente oan de Van Harinxmaweg. De plysje hat de ôfrûne twa jier yn Fryslân seis sinesappelkanonnen yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)