Limburchske band op Liet Ynt.

22 okt 2004 - 14:32

Op Liet Ynternasjonaal spilet freed foar it earst in band út Limburch. It giet om de formaasje Ondiep út it Noardlimburchske Wanssum. Ondiep spilet eigentiidske Limburchske folk, mei ynfloed fan texmex-muzyk en folkrock.

Ondiep is oan it programma taheakke omdat de Baskyske groep Mal de Ojo op it lêste momint ôffoel. Ondiep bestiet 12,5 jier en is yn Limburch tige bekend. De groep spile ferskate kearen yn it foarprogramma fan Rowwen Hèze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)