Oerfal op belhûs

22 okt 2004 - 12:28

Yn Ljouwert is tongersdeitejûn in belhûs oan de Uniabuurt oerfallen. Twa ûnbekende manlju kamen de saak yn, wêrnei't ien fan har in pistoal rjochte op de eigner fan it belhûs.

It slachtoffer moast op de grûn lizzen gean, wêrnei't in oerfaller syn portemonnee ôfpakte. De twadde oerfaller makke de kassa iepen en helle der in pear hûndert euro en tillefoankaarten út. Dêrnei naaiden de beide manlju út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)