TBS sedesaak Boalsert ferlingd

© Omrop Fryslân
De TBS fan ien fan de dieders yn de grutte sedesaak yn Boalsert fan tsien jier lyn is ferlingd. De saak feroarsake doe in grutte skok yn de stêd. In frou en har broer misbrûkten tsien bern, wêrûnder har dochter. Har eigen man, dy't minder begaafd is, die der ek oan mei. De bern waarden ferkrachte, mishannele of mei geweld twongen ta seks.
Op advys fan psychologen joech de rjochter yn Ljouwert de man 2 jier TBS.