Kleanwinkels fan Bentex ferkocht

22 okt 2004 - 10:39

Alle kleanwinkels fan Bentex ha in nije eigner. Yn Fryslân giet it om 22 winkels. De nije eigner is Terstal Mode fan Almelo, dy't it bedriuw daliks wer ferkocht hat oan twa ûnbekende ynvestearingsmaatskippijen.

Ek is net dúdlik oft alle winkels fan de Bentex iepen bliuwe en hokker gefolgen de oername hat foar it personiel. Meiïnoar wurkje der 400 minsken by it kleankonsern. Op it haadkantoar fan de Lemmer wurkje der 40.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)