Frachtweinen en bern yn ferkear

21 okt 2004 - 14:27

Fjirtjin basisskoallen yn de gemeente Achtkarspelen dogge mei oan it projekt Zwaar Verkeer. Dat wurdt organisearre yn't ramt fan de ferkearsfeiligens- kampagne '-25% ferkearsslachtoffers'.

Zwaar Verkeer is bedoeld om bern sjen te litten hoe't frachtweinsjauffeurs nei it ferkear sjogge. Bern wurdt ûnder mear leard dat se net yn de deade hoeke fytse moatte. De dielnimmers oan it projekt krije in heal oere lang in learsum lesprogramma oanbean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)