Brânwacht fiert aksje

21 okt 2004 - 14:06

De brânwacht yn Ljouwert fiert tongersdei in ludike aksje tsjin it kabinetsbelied. In tal brânwachtauto's binne delset yn de Grinzerstrjitwei. Der wurde aksje-pamfletten útdield.

De brânwachten binne benaud dat se troch kabinetsbesluten oant 65 jier trochwurkje moatte, wylst se der no folle earder al út kinne. Mocht der tidens de aksje brân útbrekke dan wurdt it protest fuortendalik staakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)