Digitaal konsult fia webside

© Omrop Fryslân
Klanten fan De Friesland kinne op de webside dokterdokter.nl telâne foar in digitaal konsult of ynformaasje. Op de side stiet inkeld ynformaasje dy't kontrolearre is troch kwalifisearre húsdokters en spesjalisten.
In digitaal konsult wêrby't pasjinten in diagnose fia it ynternet krije, kin de druk op de húsartsen ferlichtsje. De gewoane húsdokter ferdwynt net. By twifel oer de ynternetdiagnose moatte pasjinten altyd nei de dokter ta.