Sweltsjes wolle Tadema kwyt

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan de Ljouwerter Sweltsjes wol eare-foarsitter Tadema skrasse as lid. De fuotbalferiening wol net folle sizze oer wêrom't it se fan de man ôf wolle dy't 32 jier it boechbyld wie fan de klub. Ien reden soe wêze dat er klub- en bestjoersleden bedrige ha soe. Tadema seit neat te begripen fan de beskuldigings en fielt him oanfallen.
It bestjoer fan de Ljouwerter Sweltsjes wol dizze wike noch in beslút nimme oer it skrassen fan Tadema.