Mjitflater by bou apparteminten

21 okt 2004 - 10:55

Troch in mjitflater krije 23 nije apparteminten yn de Arendstún yn Ljouwert in dûbele fundearring. Alle 130 fundearringspeallen steane 39 sintimeter út koers. Dêrom moatte der nochris 130 nije peallen byslein wurde.

Wa't de rekkenflater makke hat, wol boubedriuw Heijmans net sizze. Ek de gemeente hâldt har stil. De skea rint yn de tsientûzenen euro's. Foar de nije bewenners fan it appartemintekompleks sil it lykwols gjin fertraging jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)