Ofspraken oer brânwachtaksje

© Omrop Fryslân
By de aksje fan de brânwacht tongersdei, bliuwt op syn minst ien ploech achter op de kazerne foar it gefal der brân útbrekt. Dat hat it kolleezje fan Ljouwert ôfpraat mei de brânwachtkommandant.
De brânwacht yn Ljouwert sil aksjefiere tsjin it kabinetsbelied. Se dogge dat mei grut materieel yn de moarnsspits op de Grinzerstrjitwei. It materieel is eigendom fan de gemeente. It bestjoer sjocht de aksje troch de fingers.