Nije brêge oer Oudvaart yn Snits

© Omrop Fryslân
Snits hat plannen foar in brêge foar fytsers en fuotgongers oer de Oudvaart. Dy komt tusken de Earste Oosterkade en de Pampuskade. It kuierpaad tusken de Pampuskade en de Valkstrjitte ferfalt en dêr komt de brêge foar werom. It ûntwerp foar de brêge is noch net bekend, dochs ha omwenners al beswier makke tsjin de oanlis.
De gemeente wol ek in moetingsplak foar jongeren yn de wyk Lemmerwei-west. Dy is bedoeld foar de âldere jeugd.