Froulju moatte mear ûndernimme

© Omrop Fryslân
Yn Noardwest-Fryslân wurkje minder froulju as yn de rest fan de provinsje. Dat moat oars, fynt it emansipaasjeburo Equa. Mei it ûndernimmerskompas en it ûndernimmersynstitút wurde dêrom foarljochtingsjûnen hâlden oer it opsetten fan in eigen bedriuw. Sa moat de drompel foar de froulju leger wurde om te ûndernimmen.
De earste byienkomst wie tiisdei yn Sint Anne. Yn Wommels, Frjentsjer en Boalsert binne ek noch sokke jûnen.