Alderein langer thús mei help

20 okt 2004 - 09:36

Alderen yn Kollum en omkriten kinne langer thús wenjen bliuwe. Dat is it doel fan Wenningstichting Kollumerlân. Sy ha in kontrakt tekene mei Nynke, de service-organisaasje. Dy sil de âlderen in soad wurk út hannen nimme.

Nynke is ûnderdiel fan soarchgroep Noorderbreedte en helpt minsken by alderhanne putsjes foar fiif euro yn 'e moanne. Nynke hat yn seis moannen 3000 abonnees binnenhelle. Yn 2006 moatte dat 10.000 wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)