Grutte kninestreuperij op Skylge

19 okt 2004 - 16:20

Op Skylge wurdt al sûnt septimber op grutte skaal op kninen streupt. De jagersklub wit wa't de streupers binne, mar moat se op 'e die betraapje om se oanhâlde te kinnen. Dêrom komme der skerpe kontrôles fan Steatsboskbehear en plysje.

De streupers jeie yn auto's op de kninen. Mei de ljochten ferbline se se, wêrnei't se in skot hagel losse. Alle wiken wurde sa'n 10 oant 30 kninen yllegaal ôfsketten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)