Soepboer en Laverman by RVU

© Omrop Fryslân
Skriuwster Albertina Soepboer en fadosjongeres Nynke Laverman binne woansdei te sjen yn Nachtland fan de RVU (Ned 3 om 23.45 oere). Se fertelle en sjonge oer wat de nacht foar har betsjut op har favorite plakken yn nachtlik Fryslân. Se fertelle ek oer de gearwurking: Albertina Soepboer skriuwt de teksten foar Nynke Laverman har nije projekt.
Dichter Abe de Vries is 29 oktober te hearren by it radioprogram De Avonden.