Rêstige strontrace dit jier

19 okt 2004 - 10:58

Der dogge dit jier mar fiif skippers mei oan de 31ste strontrace. Ferline jier, mei it tritichjierrich jubileum, wiene dat der noch tsien. Neffens de organisaasje is it nei in jubileum altyd rêsticher. De Strontrace giet fan Warkum nei Warmond en werom. Boaten meie de moter net brûke. Omdat der net in soad wyn stiet, wurdt de winner woansdeitejûn werom ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)