Frou mei rollator te wetter

19 okt 2004 - 10:28

In 92-jierrige frou is moandeitemoarn ûnderkuolle rekke nei't se yn Boalsert yn it wetter fallen wie. Sy kuiere mei de rollator oer it Hoogpolderwerk en glied it wetter yn. In omstanner sprong yn it wetter, mar koe de frou net op de kant krije.

In parkearkontroleur en de plysje ha se wer út it wetter helle. De frou is nei it sikehûs fan Snits brocht. Behalve dat se ûnderkuolle wie, hie se ek in foet brutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)