Tryater spilet by Nijpels thús

© Omrop Fryslân
Kommissaris Nijpels hat syn pleats yn Diken by Langwar ta beskikking steld oan Tryater foar it spyljen fan de toanielsolo Rolling Home. Dat hat Tryater bekend makke. Rolling Home is in produksje fan Klaasje Postma oer in mem op leeftyd.
Klaasje Postma sil it stik 11 kear spylje yn it hûs fan Nijpels. Yn juny en septimber spile se Rolling Home al 31 kear op har eigen pleats. Dy foar- stellings wiene allegear útferkocht.